Snits

Sneek-ESGOO(2)

De twadde wedstriid foar ESGOO-Twa yn Fryslân wie jo ferslagjouer al yn’e omkriten en wie derom op eigen gelegenhiet al yn Snits oankaam. Hy stie dêr wol ienigsins fersteld fan dat hy er op oan sprutsen war, dat min dêr wer fersteld fan stie da’k er al wie. Want wat woe it gefal, de rest fan it team stie yn ‘e file by Swolle en sa’t it er nei ut seach koe min net om ien oere der al wêze. Gelokkig fûn Snits nei telefonisch oerlis it net slim om in heal oere letter te begjinne. Sa sette ik my om healfe twaen allinnich oan de Enskedeese kant van de skaakboerden.
Johnny Fluit wist my al snel oan it tinken te bringen, sa dat doe de rest fan ESGOO 2 it spiellokaal ynkaam, whylst de klokken al in kwartier ronnen, ik ek al yn djippe gedachten fersonken wie mei in bietsje mear tiid as de oaren, want de nuances fan een snel Hynder nei c6 yn ‘e Najdorf wien my wêr ‘es untsketten en ik joeg samar in pion kado.
Lokkig wist ‘ynfaller’ Sascha mei in kwalitiitsoffer de swarte kening al witte gauw yn de problemen te bringen en dizze gie mat sa rûn fjild g4. (0-1) Dizze party like my wol in kandidaat foar de speziale priis, dyt eltse rûnde beskikbar stelt wurdt troch de KNSB. Ik wiet de folgorde net mear sekuur, mar witte gauw brochten Menno en André de stand op 0-3!
André spiele in ondûdelike Benoni, mei sa’t ik it seach kansen foar beide partyen, mar ûs plakferfangend teamcaptain wie krekt wat handiger. Ikself wist mei behulp fan myn wardeerde tsiinstander my wêrom yn de party te fjochtsje (fechtsjen - WâldFr.) en koe selfs noch - krekt as tsjin Philidor Ljouwert - in toereindspul mei ungelike lopers winne. (No is it wol sa dat dizze man sa fier hinne noch altiid fan my ferlean hat…) Mei in riante 0-3 soe min sizze de twa matchpunten binne al foar ûs.
Jammer genôch koe Kirsten har party net holden. De twa toeren fan Dick Stavast - fan it (skaakboek)antiquariaat - wienen sterker as de dame fan har. Syn toeren op de sânde rige koene altiid tsiin dame en pion jaan wurde mei in wûn pionneneindspul. Yn meardere opsichten koe de dame krekt gjin ‘Zugwiederholung’ realiseere. (1-3)
Op it twadde boerd spiele Henk “Swart is OK” in dreeche Âlde Benoni, koe ek Czech-Benoni wêze. It waard in kompliseerde party, wêr’t Henk sich twongen seach om in stik te jaan tsjin wat losse pionnen. Syn kening stie toch wol wat tochtig en dit joech de trochslag. Mei mear tiid wie dit tink ik net barre. (2-3)
Hjirnei ferlear Frank ek noch. Dit wie in seker net ynkalkuleert. Nei in takties mêlée mei in swarte freipion op de c-lijn, koe hy remise meitsje, sa rûn de tiidskontrôle. Dêrnei, misskien just om’t dêr wat minder spanning wie, - of woe hy noch winne? - die hy wat mindere setten en koe de freipion net mear stopt wurden. (3-3)
Sa hong alles of fan de lêste twa partyen. Zyon hie in ‘e Siciliaanske iepening betiids in pion pakt, mar krieg wol in swiere oanfal oar sich hinne. In een spannende tiidnoodsfase, wer’t Zyon’s tsiinstander op ferskate mominten winne koe, as jo de kibitzers liuwwe moatte, wisten beide spielers mar krekt de fjiertig te heljen. Op het boerd stie in stelling, dyt noch alle kanten ût koe. De party fan Evert-Jan wie in gelyk opgeande Nimzo/Dame-Indiër, dy ûtkaam yn in wol hiel bot remise toereindspul mei noch in g-pion mear foar EJ. Hy besyke it noch, mar bea remise oan, doe’t hy seach dat Douwe gjin krimp joeg. (3½-3½)

Sa hong alles no of fan ûs benjamin, dy’t mei ûttinne materiaal no syn tsiinstander pleage. Mei loper en toer wist hy in matoanfal op te bauen, wêr’t Jan Lootsma it antwurd skuldig op wie. Dizze seach net wat betters as toer tsiin loper te jaan, mar Zyon krieg dêrmei in wûn eindspul, whylst hy ek noch in pion dêrby soe winne. Safier kaam it net, want Jan liet in pear setten letter noch syn loper ynstean. (3½-4½)
Lokkig wie it net as de legendariese wedstriid fan It Hearrenfean tsiin Ajax, wêr’t de Frysen nei grutte efterstoan toch noch wisten te winne. Mei dizze ûtslach wie in elts gefal ien Frys bliid mei, mar it ferslach hjirfân te meitsjen yn syn eigen taal wie eins in hiele dreeche opgave. Rest my noch wol de Snitsers te tanke foar hun sportieve ynstelling, want oars wie dit in hiel oar ferhaal wurden! (En had André dit verslag voor zijn rekening kunnen nemen.)

Tige tank sprek ik ek noch ût oan de makkers van dizze webpagina: http://www.digischool.nl/fry/siden/twadde%20faze/stavering/unregelmjittige_tiidwurden.html Oars hiene hjir noch mear fouten yn 'e stavering yn stean as no it gefal is. Mar ja, om it efkes yn goed Twents te sizzen: “Who cares?” It wichtigste is dat mei dizze punten wy ûs in stik feiliger kinne fiele.

Uw verslaggever: Menno Monsma

En hier staat misschien wat de tegenstander ervan vond.

Uitslagen per bord met actuele KNSB-ratings
1. Johnny Fluit (2101) - Menno Monsma (2085) :-)
2. Tjitze Schram (2094) - Henk Bernink (2118) :-(
3. Christian Kuitert (2054) - Sascha Hokamp (2095) :-)
4. Jan Lootsma (2014) - Zyon Kollen (1982) :-)
5. Anne Kloosterman (1998) - Frank Grube (2087) :-(
6. Dick Stavast (2080) - Kirsten Solberg (2051) :-(
7. Douwe van der Meulen (1872) - Evertjan Dondergoor (2054) :-|
8. Wytse Wiersma (1736) - André Langendijk (1994) :-)
============== +
Sneek (1994) - ESGOO2 (2058) 3½-4½

Wie de symbooltjes niet begrijpt, draaie zijn monitor een kwartslag naar rechts om een weergave van de gezichtsuitdrukking van de betrokken ESGOO-speler na afloop van de partij te zien

Terug naar ESGOO2 homepage